Ein foar fertrouwenspersoan

02 okt 2012 - 14:29

It projekt "Diakonaal Fertrouwenspersoan" fan de PKN-tsjerken yn de regio Noardeast Fryslân hâldt op te bestean. Yn totaal hat it projekt trije jier duorre. De diakonaal fertrouwenspersoan hâlde yn de noardlike fjouwer gemeenten yn ús provinsje kontakt tusken diakonyen, tsjerken, helpferlieningsynstânsjes en gemeenten mei as doel minsken mei problemen te helpen.

Diakonyen út de regio betellen de fertrouwenspersoan, dêrby holpen troch bydragen út it Frysk aktiviteitefûns fan de PKN-tsjerken, bydragen fan gemeenten en provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)