Ein fan dit jier oplossing slûpferkear Ljouwert

19 nov 2014 - 15:00
  • De Beatrixstrjitte yn Ljouwert

Der moat oan de ein fan dit jier in oplossing wêze om it slûpferkear yn de Ljouwerter wyk Aldlân tsjin te gean. Dat seit wethâlder Harry van der Molen yn reaksje op krityk fan bewenners fan de Beatrixstrjitte oan it Van Harinxmakanaal yn de wyk. Dy hawwe skjin harren nocht fan it drokke ferkear troch de strjitte. It giet om forensen en frachtweinen, dy't de ferkearsljochten op de Aldlânsdyk links lizze litte wolle.

Guon huzen hawwe al skea oprûn troch it ferkear. Dat binne benammen skuorren yn de muorren. De oplossing om it slûpferkear te kearen is, de dyk troch de wenwyk Aldlân yn twa parten te ferdielen, sadat de trochgeande rûte ûnderbrutsen is. Wethâlder Van der Molen wol ek oare opsjes mei de ynwenners fan de wiken Aldlân en Nijlân beprate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)