Ein driget foar Turfstekkers

11 okt 2013 - 19:52

It bestjoer fan follybalferiening Turfstekers yn Drachten driget ein oktober har funksje del te lizzen wannear't der gjin nije foarsitter en nij bestjoerslid fûn wurde. Foarsitter Jan Terpstra nimt nei 14 jier ôfskie en is al meardere jierren op syk nei in opfolger. Dy kin nettsjinsteande allerhande dringende fersiken net fûn wurde. Wannear't der foar 29 oktober gjin nije foarsitter is, leit it bestjoer per direkt de funksje del en falt it doek.

Neffens Sport Fryslân hawwe mear Fryske sportferienings muoite frijwilligers te finen.

Sportyf en finansjeel giet it de follybalferiening lykwols wol foar de wyn. De klup hat seis frouljusteams, twa manljusploegen en fiif jeugdteams.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)