Ein driget foar Sirkus Saranti

21 jun 2006 - 13:58

Fryslân's iennige jeugdsirkus Saranti driget op te hâlden. Al tritich jier lang hiert it sirkus garaazjeboksen as oefenromte. Mar no is de ferhierder ferstoarn en wol de famylje de garaazjes ferkeapje. Saranti hat dêr gjin jild foar.

Saranti bestiet hast fyftich jier. De santjin leden binne tusken de 5 en 17 jier. Der binne tsien lesjouwers. Saranti treedt sneon op op de Zinderende Zaterdag yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)