Ein driget foar Ranzijn

16 sep 2009 - 17:10

Snits hâldt fêst oan sluting fan de biste-ôfdieling fan túnsintrum Ranzijn. Dat hat it kolleezje besluten neffens in wurdfierder fan de gemeente.

Direkteur Van der Lem hie oankundige net fierder te wollen mei it sintrum as de biste-ôfdieling net iepen bliuwe mocht. De gemeente hat de ôfdieling jierren tastien, mar der mei gjin bisteguod ferkocht wurde. Petearen mei beide partijen ha neat opsmiten. De 40 meiwurkers ferlieze dan har baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)