Ein driget foar NNBT

07 maaie 2003 - 00:00

De ein driget foar it NNBT yn Drachten. De trije noardlike provinsjes wolle it Noard Nederlânsk Buro foar Toerisme net langer stypje. Foar in rêdingsplan wie trije miljoen euro frege.

It NNBT is fjouwer jier lyn ûntstien troch in fúzje. Doel wie it toerisme yn it noarden te ferkeapjen. Dat is noait goed slagge en der binne finansjele problemen. Fryslân, Grinslân en Drinte wolle gjin jild mear yn de organisaasje stekke om't it betrouwen fuort is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)