Ein driget foar Henk ten Hoor

01 okt 2012 - 12:20

De kleanwinkelketen Henk ten Hoor sit yn finansjeel swier waar. Alle winkels binne ticht en it personiel sit thús. De wurknimmers hawwe te hearren krigen dat it fallisemint driget. De ôfrûne twa moannen hiene sy al gjin lean mear krigen. De direksje komt noch mei in ferklearring. Henk ten Hoor hat mear as 100 winkels yn it noarden en midden fan Nederlân, wêrfan 17 yn Fryslân. It haadkantoar yn Hoogeveen jout oan de kommende dagen mei alle belutsenen oer de takomst te praten. Mear kommintaar jouwe se net, de winkels bliuwe foarearst ticht.

De winkels fan Henk ten Hoor besteane al mear as 30 jier. It bedriuw hat it goedkeapere segmint klean. By de filialen yn it noarden wurkje goed 400 minsken. De Rabobank hat it kredyt fan it famyljebedriuw stilset. De fakbûnen krije ek kwalik kontakt mei de direksje fan Henk ten Hoor, se binne benaud dat tsientallen Friezen harren wurk ferlieze. Woansdei hâlde de fakbûnen yn Hoogeveen in byienkomst foar it personiel, dan hoopje se dat der mear dúdlikheid is oer de problemen by Henk ten Hoor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)