Ein A7: korpsen yn problemen

21 okt 2009 - 15:55
  • Korpsen binne ôfhinklik fan it Keunstesintrum

It fallissemint fan it Sintrum foar de Keunsten A7 hat grutte gefolgen foar de korpsen yn Súdwest-Fryslân. Dy binne foar de oplieding fan har jeugdleden ôfhinklik fan de muzykskoalle. Dat driget fuort te fallen.

Foar de Harmonie fan Wolvegea komme de problemen by it sintrum as in ferrassing. Der is in soad úndúdlikens oer de gefolgen foar it orkest. Offisjeel hat it orkest noch neat heard fan muzykdosinten fan A7.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)