Eilanners yn ôfwachting hout

20 des 2011 - 21:31

Jutters op Skylge, Flylân en It Amelân wiene yn de nacht fan tiisdei op woansdei mannachtich op it strân fanwege de grutte partij hout dy't nei de eilannen ûnderweis is. Tiisdeitemiddei ferlear it skip Danica Hav 45 pakketten hout boppe Skylge en letter nochris seis boppe Flylân en twa boppe Teksel.

Jutters wiene de hiele tiisdeitejûn dwaande auto's, trekkers en oanhingers yn oarder te meitsjen om it strân op te gean. Se besykje ek fia de Kustwacht te achterheljen hoefier it hout de kust nadere is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)