Eilanner dûken binne it kâldst

01 jan 2013 - 13:32

Minsken dy't op de waadeilannen meidogge oan in nijjiersdûk, moatte rekken hâlde mei in gefoelstemperatuer fan trije graden. Dat seit waarbureau Weerplaza. It is it kâldste plak fan Nederlân wat nijjiersdûken oanbelanget. Der binne ûnder oare nijiersdûken op Skiermûntseach, Flylân en It Amelân en op de fêste wâl yn Aldtsjerk, Hylpen en Ljouwert. De rêdingsbrigade Nederlân warskôget om net samar yn it kâlde wetter te springen, mar om earst in warming up te dwaan.

In mûtse helpt om waarmteferlies foar te kommen, krekt as je ynsmarre mei faseline. Nei de dûk moatte minsken net fuortendaliks te dikke klean oan dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)