Eilannen wolle mear toeristen

17 maaie 2011 - 12:08
  • De eilannen hawwe al in mienskiplike gids foar fiif eilannen

Teksel, Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermûntseach sille gearwurkje om mear toeristen te lûken. Yn plak fan alle fiif in eigen kampanje, wurdt no begûn mei ien grutte kampanje. Folslein mei tv-spotsjes, abry- en bumperstikkers. Sa moat it tal toeristen alle jierren mei 3 prosint tanimme, fral yn foar- en neiseizoen.

De kampanje rjochtet 'm op ynwenners fan Midden- en Súd-Nederlân, want dy witte de eilannen noch net echt te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)