Eilannen wolle bunkers behâlde

19 aug 2008 - 13:48

De Waadeilannen wolle dat der mear omtinken komt foar oerbliuwsels út 'e Twadde_Wrâldoarloch. Dat docht bliken út in inventarisaasje fan de provinsje. In diel fan de bunkers, stellings en bestrjittings út de perioade '40 -'45 is al ferdwûn.

Der soe no mear dien wurde moatte om de rest te behâlden. Ek wurdt tocht oan aktiviteiten lykas fytsrûtes en tentoanstellings. It ministearje fan Wolwêzen stelt al jild beskikber foar oarlochsferhalen fan eilanners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)