Eilannen sille mear gearwurkje

27 apr 2009 - 12:23
  • Op it konvenant waard in glês sjampanje dronken
  • En der waard fansels ek drok ûndertekene

De Fryske Waadeilannen Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermûntseach sille yntensiver oparbeidzje. De fjouwer eilannen sille mear foech ôfstean oan har mienskiplike eilânried. De eilannen ha moandei ôfspraken oer de gearwurking makke mei de provinsje en steatssiktaris Bijleveld.

De eilannen sille mear gearwurkje op it mêd fan rampebestriding, toerisme en ûnderwiis. It Hollânske Tessel fynt de gearwurking te fier gean en bliuwt bûten de nije ôfspraken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)