Eilannen populêr as troulokaasje

20 mrt 2006 - 14:19

De Waadeilannen binne tige populêr as troulokaasje. De measte steltsjes komme fan bûten de gemeente. Dat docht bliken út ûndersyk fan it CBS, it Centraal Buro voor de Statistiek.

Yn de top 10 fan gemeenten mei it heechste oandiel houliken fan bûten de gemeente, stean fjouwer Waadeilannen. It giet om Flylân, Skiermûntseach, Skylge en It Amelân. 95 persint fan de pearen dy't yn 2004 op Flylân of Skier troude, kaam fan bûten de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)