Eilannen net mear ekstreem drok

09 aug 2003 - 00:00

De waadeilannen waarden ek it lêste wykein fan de simmerfakânsje oerspield mei deitoeristen. Fanwege it waarme waar stapten in soad deitoeristen sneon op de boat nei bygelyks Skiermûntseach. Dochs waarden der foar it earst dizze wike gjin ekstra boaten ynset.

Ek op it strân like it derop dat de drokke dagen foar Skiermûntseach oer binne. Der is noch romte genôch. Mar by de supermerk, de fytseferhier en op de terrassen wie it noch wol drok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)