Eilannen: lessen fia ynternet

15 des 2007 - 12:48

Learlingen op Skiermûntseach en It Amelân hoege tenei mooglik minder nei de fêste wâl foar ûnderwiis. Op 'e eilannen kinne net alle lessen folge wurde. Troch gearwurking mei it Dockinga Kolleezje yn Dokkum en de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert wurdt besocht dêr wat oan te dwaan.

De learlingen kinne op ynternet lessen op de fêste wâl folgje dy't se op it eilân net krije kinne. It giet om in eksperimint dat freed begûn is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)