Eilannen: gjin monopoly Doeksen

17 sep 2004 - 10:27

Frachtferfierders moatte makliker guod nei Skylge en Flylân ferfiere kinne. No mei inkeld Rederij Doeksen gebrûk meitsje fan mobile oanlissteigers. De Waadeilannen wolle dy steigers frijaan foar oare frachferfierders.

De gemeenten geane net akkoart mei de monopolyposysje fan Doeksen. Dat rjocht soe rinne oant 2023. De gemeenten wolle dat ek oare bedriuwen gebrûk meitsje kinne fan de steigers dy't mei eb en floed meigeane as Doeksen se net brûkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)