Eilannen dogge mei oan projekt

11 feb 2009 - 21:47

It Amelân en Flylân spylje in grutte rol yn it Europeeske projekt 'Cradle to Cradle'. Doel hjirfan is dat alle eilannen yn de Noardsee oer 20 jier harren eigen stroom opwekke kinne en net mear ôfhinklik binne fan de fêste wâl.

Op de Fryske eilannen wurde ûnder oare proeven dien mei sinne- en wynenerzjy en biofergisting. Ek it suveren fan húskewetter foar it besproeien fan lân is mooglik. De provinsje hat by dit projekt in foarlûkersrol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)