Eilânfiskers lulk op Bleker

28 sep 2011 - 15:53
  • Bleker hat it bedoarn by de hobbyfiskers op de Waadeilannen

De fiskers fan 'e Waadeilannen binne lilk op steatssiktaris Bleker. Bleker hat twa wiken lyn it foar de hobby fiskjen mei guon netten ferbean. It giet dan om it fiskjen mei ûnder oare fûken, warnet of botnet. Op de eilannen fiskje in soad minsken mei sokke netten yn de Noardsee.

Mei de maatregel wol Bleker iel en brúnfisk beskermje. De Waadgemeenten binne it hjir net mei iens omdat it fiskjen op de eilannen mar op lytse skaal bart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)