Eilân te lyts foar suvelfabryk

16 apr 2004 - 00:00

Skiermûntseach is fiersten te lyts foar in eigen suvelfabryk. Dat blykt út in ûndersyk, útfierd yn opdracht fan de feriening boerebelang Skiermûntseach.

Op it eilân binne sân boeren. Dy wolle graach spesjale eilanner tsiis en yoghurt meitsje. Dêrmei soene se mear fertsjinje kinne. Neffens de ûndersikers kinne de boeren net genôch molke leverje foar in rendabele fabryk. Der wurdt no gearwurking socht mei boeren op Skylge en it Amelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)