Eilân Gryn wie mooglik bewenne

18 aug 2008 - 09:28

Der hat mooglik in stêd lein op it eilân Gryn yn de Waadsee. Dat seit sosjaal geograaf Bert_Stulp. Hy hat yn de ôfrûne jierren ûndersyk dien nei doarpen dy´t ferdwûn binne en kaam dêrby ek op Gryn telâne.

It miny-eilantsje wie eartiids folle grutter as dat it no is en der binne ferskate boarnen dy´t sizze dat der yn de trettjinde ieu in echte stêd lei. It stedsje soe goed santich jier bestien ha. Hoe grut de stêd krekt west hat is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)