Eilân Eva yn Snitser Mar is rêden

22 maaie 2015 - 18:35

It eilân Eva yn de Sâltpoel by de Snitser Mar is werom. It leit wer neist it eilân Adam. It eilân Eva wie yn de rin fan de jierren hieltiid lytser wurden. Op oantrún fan roeiferiening Den Bealch hawwe de provinsje en rekreaasjeskip Marrekrite it eilân kocht fan de eigener en it rêden troch der bagger op te spuitsjen. Nije damwanden moatte tenei foarkomme dat it eilân opnij ferdwynt. It achthoekige eilân is sa oanlein dat der in soad boaten oanlizze kinne. Dizze lisplakken kompensearje it ferlies oan lisplakken yn kwetsbere natuergebieten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)