Eijk iepenet Bonifatius-jier

22 nov 2003 - 00:00

It Bonifatius-jier is sneon offisjeel begûn. Biskop Eijk fan Grins iepene yn de Fonteintsjerke yn Dokkum it jier dêr't yn betocht wurdt dat Bonifatius 1250 jier lyn fermoarde waard. Eijk fertelde ûnder oaren dat de hillige út de achtste ieuw minsken fan no hiel goed leare hoe't se los komme kinne fan jild en oare materiële saken.

It Bonifatiusjier is wichtich foar it bisdom Grins, dat er yn in tiid fan ûntstjerkling goed foarstiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)