Eigners stellen guod socht

23 mrt 2011 - 09:52
  • Dit is ûnder oare bút makke (foto: plysje)

De plysje fan Wolvegea siket de eigners fan stellen guod lykas bûtenboardmotoaren, benzinetanks, ark en in luchtbuks.

De plysje hat de spullen fûn yn in garaazjeboks yn Wolvegea. De garaazje is fan in man (25) út Noardwâlde en in man (25) út Eelde. Se waarden snein oanhâlden om't se fertocht wurde fan stellerij en heling. De auto en twa oanhingweinen binne yn beslach naam. Yn ien karre waarden 36 stellen akku's fûn. De mannen sitte noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)