Eigners stellen fytsen socht

26 des 2004 - 13:42

De plysje Ljouwert siket de eigners fan fjouwer lúkse fytsen dy't stellen binne, mar dêr't gjin oanjefte fan dien is. Se stiene by in heler (28) thús. It spoar late nei him nei oanlieding fan in fystedieverij, begjin desimber,

Dêrby waard in 23-jierrige Ljouwerter trapearre doe't er op de Nijstêd syn slach slaan woe. De man waard by de achterfolging wei, mar koe de oare deis oanhâlden wurde. Hy hat earder ek alris fytsen stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)