Eigners op syk nei hûs

01 jun 2011 - 23:37

Eigners fan in wente yn it Antillenflat yn Ljouwert kinne fan tongersdei ôf net mear op kosten fan wenningboukorporaasje WoonFriesland it WTC-hotel ferbliuwe.

Alle hierders binne yn ferfangende wenromte ûnderbrocht. De 47 eigners fan flats moatte der sels foar soargje, mar kinne wol help krije fan WoonFriesland. Mar 7 eigners meitsje dêr gebrûk fan. Fan de gemeente kinne se in rinteleaze liening krije om de dûbele lêsten te beteljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)