Eigners Antilleflat krije jild

28 jun 2011 - 21:43

De eigners fan apparteminten yn de Antillenflat wurde troch de gemeente Ljouwert kompensearre foar dûbele lêsten. Dit giet dan benammen om ôffalstofheffing, rioelheffing en OZB belesting. Minsken moatte dit oars twa kear betelje.

Ein maaie stoarte in diel fan de gallerij by de flat yn en dêrom hawwe alle ynwenners no tydlik in oar ûnderkommen. De gemeente stelt no 6500 euro beskikber foar de kompensaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)