Eigner wol asylopfang slute

21 jan 2005 - 09:37

Eigner van der Molen fan de asylopfang yn Wytmarsum wol it sintrum slute. Dat soe betsjutte dat 105 asylsikers op strjitte komme te stean. Neffens Van der Molen ferliest hy tefolle op de opfang. It soe om hast 10.000 euro yn de moanne gean.

De hier fan it gebou wurdt hast net mear betelle, omdat gemeenten en pleatselike helpgroepen net genôch jild bijdrage kinne. It Ryk wol net meibetelje oan de opfang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)