Eigner 'Us Mem' net bliid

13 feb 2009 - 22:31
  • Bleate frou op Us Mem

De Stifting 'Us Mem' fynt it mar neat dat it tillevyzjeprogramma Man Bijt Hond freed opnamen makke hat fan in bleate frou op Us Mem yn Ljouwert. Dat seit foarsitter Jetze Bakker fan de stifting.

Hy sjocht leaver dat de ferneamdste ko fan Fryslân net mear foar dizze saken brûkt wurdt. Mar de stifting sil gjin aksje ûndernimme tsjin it tv-programma. Man Bijt Hond makke de opnamen om omtinken te jaan oan it pornografysk argyf, dat ferdwûn is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)