Eigner tattooshop Harns bedrige

14 nov 2005 - 10:02

Hells Angels yn Harns ha de eigner fan in tattooshop yn de stêd bedrige en twongen om de saak te sluten. Dat diene se om sels in grutter oandiel te krijen yn de tatoeaazjebrânsj. It deiblêd Parool skriuwt dat op syn website.

It Parool basearret it berjocht op it strafdossier fan Justysje. Yn de saak tsjin de Hells Angels wurde 42 minsken fertocht, 17 sitte noch fêst. Ek yn oare stêden lykas Amsterdam soene eigners fan tattooshops bedrige wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)