Eigner stjoerleas jacht fûn

28 jun 2010 - 11:55

De plysje hat de eigner fan it op it Van Harinxmakanaal achterlitten syljacht fûn. It jacht waard op 16 juny oantroffen en meinommen troch provinsjale wettersteat. De plysje hat it jacht ûndersocht en dêrby die bliken dat de motor út it skip helle wie en it skip gjin registraasjenûmers hie. Fia de webside dadergezocht.nl koe úteinlik de eigner fûn wurde.

Dy ferklearre dat it skip al in skoft op in Ljouwerter werf lein hie en dat ûnbekenden it skip fuortdriuwe lieten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)