Eigner speedboat: 1,5 jier sel

10 feb 2009 - 17:10

Der is oardel jier sel easke tsjin de eigner fan de speedboat dy't ferline jier by Grou belutsen wie by in deadlike oanfarring. Hy moat achttjin moanne de sel yn, werfân seis ûnder betingst. Tsjin de man dy't oan it stjoer stie hat it Iepenbier Ministearje in legere straf easke: tolve moanne mei trije ûnder betingst.

De eask tsjin de eigner is heger as tsjin de skipper, om't de eigner earder al betrape wie mei drank op efter it stjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)