Eigner skip siket mei nei fetten

24 des 2003 - 00:00

De eigner fan it skip wêrfan't ôfrûne wykein trije konteners mei pestisiden oerboard slein binne, soarget sels foar it opsykjen fan de konteners. Dat hat de eigner yn oerlis mei Rykswettersteat besletten. Unbekend is fan wa't it skip is. It fart ûnder Etiopyske flagge.

De konteners binne noch net fûn. De fersekerder fan de eigner lit dêr ûndersyk nei dwaan, ek nei hoe't se burgen wurde moatte. De ynhâld is skealik foar minske en miljeu.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)