Eigner klean noch net fûn

11 des 2007 - 10:06

De plysje wit noch altyd net fan wa't de klean en de fyts wiene dy't sneon fûn binne by it fiadukt fan de A7 oer de Lorenzstrjitte yn Snits. Dy klean binne sneon by it wetter fûn.

Dit wykein is alles al ôfsocht, ûnderoaren mei dûkers fan de branwacht en troch speurhûnen. Alle fermissingen binne troch de plysje neirûn. De plysje hopet de saak no mei tsjûgen op te lossen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)