Eigner: hûn Balk net gefaarlik

19 jan 2012 - 19:29
  • American Staffordshire

Geert Lenger út Balk seit neat te witten fan klachten fan buertgenoaten oer syn hûn Gino. Dy biet ôfrûne tiisdei syn baas in ear ôf. Neffens Lenger wie dat net omdat de hûn agressyf wie, mar woe dy him krekt helpe doe't er in epileptyske oanfal krige. Nei it ynsidint waard de hûn ôfmakke.

Lenger stimde dêr mei yn omdat de hûn bloed preaun hat en dan net mear te fertrouwen is.

Buertbewenners soene neffens de plysje al earder oer gefaarlik gedrach fan de hûn klage hawwe, ek mei it each op de skoalle dy't flakby stiet. Geert Lenger leit op dit stuit yn it sikehûs. Dêr is it ear der wer oanset, mar oft dat oanslacht is noch mar de fraach. Freed yn 'Need op freed' giet Dieuwke Kroese op besite by Lenger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)