Eigeners stellen make-up socht

10 okt 2012 - 10:58

De plysje siket de eigeners fan in partij kosmetika. Dy is sneon yn beslach naam by trije Roemenen. Dy waarden betrape doe't se kosmetika meinimme woene út in drogisterij yn Stiens. It personiel fertroude it net en belle de plysje. Dy koe it trio oanhâlde yn in auto en hat se meinaam nei it buro. In diel fan it stellen guod is yntusken weromjûn oan de eigeners, foar in oar diel wurde dy eigeners noch socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)