Eigeners sieraden socht

24 feb 2012 - 12:36

De plysje is op syk nei de eigeners fan in grut tal sieraden. Dy binne fûn troch boartsjende bern yn in fiver op 'e Jouwer. Nei alle gedachten binne se stellen by ferskate wenningynbraken yn it suden fan de provinsje.

Mei foto's op de website dadergezocht.nl besiket de plysje de eigeners te achterheljen. Sa hoopje se ek dat it nije ynformaasje opsmyt foar it ûndersyk. Eventuele eigeners kinne harsels melde by de plysje. De sieraden dy't net opeaske wurde, gean mooglik nei de finers derfan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)