Eigeners meie noch net by hynders yn útbaarnde stâl Wolvegea

02 mrt 2016 - 15:13
  • It sjocht der treasteleas út op it maneezjeterrein

In part fan de hynders dy't de grutte brân yn de maneezje yn Wolvegea oerlibbe hat, mei de stâl noch net út. De eigeners fan de hynders meie der ek noch net by, fanwege it asbest dat op it terrein leit. By de brân kamen trije hynders om it libben. Tsien hynders hawwe de brân oerlibbe.

It asbest wurdt sa gau as mooglik oprêden, sadat de hynders út de stâl kinne en ite en drinke kinne. Oer de oarsaak is noch neat bekend, al lit de stâleigener witte dat it fjoer wierskynlik yn de kantine ûntstien is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)