Eigener: "Wenunits op Kippenburg by Harich wurde ferpleatst"

10 feb 2016 - 22:23
  • Kampus Wyldemerk

De wenunits dy't no op it bûten Kippenburg by Harich stean, binne nei de boufak allegearre fuort. Dat seit de eigener Lieuwe Zijlstra fan Wyldemerk BV. Se wurde ferpleatst nei ûnder oare de maneezje dernjonken en nei it terrein fan de eardere gersdrûgerij.

Omwenners, feriene yn de aksjegroep Kampus Nee, meitsje al skoften beswier tsjin de gebouwen. Dy stean dêr yllegaal neffens de groep en dus moat de gemeente optrede, mar dy docht dat oant no ta net. 

Dêrom stiene alle partijen woansdei tsjinoer inoar by de beswierskriftekommisje fan de gemeente.

De aksjegroep easke dat der hanthavene wurdt en dat de gebouwen sa gau as mooglik ferdwine. Neffens de gemeente hoecht dat net. De eigener hat plannen en dus stean se der net mear yllegaal, sa seit de gemeente. De kommisje docht begjin dizze maitiid útspraak oer de kwestje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)