Eigener fan sinnebril socht

29 sep 2011 - 08:00

De plysje besiket mei help fan de sinnebril fan de fertochte de mishanneling fan in 16-jierrige jonge fan De Jouwer op te lossen. Tiisdeitemiddei krige de jonge klappen fan in hurdfytser, doe't se inoar op de Séwei tsjinkamen. De fertochte siet op de racefyts, de jonge fytste him mei in grutte groep skoalbern temjitte. De jonge gie de berm yn om romte te meitsjen, mar de fertochte gie him te liif en sloech him yn it gesicht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)