Eigener fan Mooi Gaasterland stjoert in skeaclaim nei it COA

06 jan 2015 - 15:31

Eigener Tom Genee fan Mooi Gaasterland komt mei in skeaclaim no't de opfang fan asylsikers yn Riis net trochgiet. Genee wol net sizze hoe heech oft de claim is. Hy befestiget wol dat er jild ha wol fan it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers, it COA. Oft Genee ek in claim nei de gemeente De Fryske Marren stjoert, wol er noch net sizze.

Ein desimber makke it COA bekend dat der gjin asylsikerssintrum yn Mooi Gaasterland yn Riis komt, nei't der fanút de regio in soad ferset op it plan kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)