Eigener Drachtster skoalgebou betrapet leaddief op 'e died

29 apr 2015 - 07:47

De eigener fan in skoalgebou yn Drachten hat woansdeitemoarn in 39-jierrige leaddief op 'e died betrape op in skoalle oan de Raai. De man wie foarige wike ek al betrape, mar wist doe fuort te kommen. It wie reden foar de eigener om ôfrûne dagen de skoalle goed yn 'e gaten te hâlden, en mei súkses.

Tsjin fiif oere seagen de ‘bewakers’ in man it dak op klimmen, dy't it lead los begûn te snijen. De dief, in ynwenner fan Drachten, waard pakt en oerdroegen oan de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)