Eigener deade hûn noch net fûn

13 aug 2014 - 11:57

De plysje hat noch altyd gjin idee wa't de eigener is fan de hûn dy't tiisdei dea fûn is yn it wetter by Boarnwert. It bist hie betonblokken oan de poaten en is sa yn it wetter dumpt.

It berjocht oer de deade hûn wurdt neffens de plysje in soad dield op sosjale media, mar dat hat noch neat opsmiten. De plysje hâldt woansdei in buertûndersyk yn Boarnwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)