Eigen website foar Fryske Diken

22 nov 2002 - 00:00

It projekt Fryske Diken hat mei yngong fan freed in eigen website. Op www.fryskediken.nl stiet ynformaasje oer de aktiviteiten fan it ferkearsteam fan de plysje. Ek is der in rubryk mei aktuele berjochten oer it projekt en ynformaasje oer boetes en ûngelokken yn de provinsje.

Op de website wurde ek ferkearskontrôles oankundige. Boppedat kinne besikers spultsjes dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)