"Eigen VVV foar NW-Fryslân"

03 jan 2006 - 10:19

It Bilt moat mear toeristen lûke en dêrfoar is it needsaaklik dat de regio in eigen VVV krijt. Dat seit boargemaster Van der Werff fan it Bildt. Hy fynt dat de ferskate gemeenten yn Noardwest-Fryslân te min gearwurkje om toerisme en rekreaasje te stimulearen.

In eigen regio-VVV soe de streek presinteare kinne op bygelyks grutte beurzen en yn de media. Soks soe dé manier wêze om toeristen te lûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)