Eigen útjouwerij Riemersma

23 jan 2003 - 00:00

Skriuwer Trinus Riemersma út Frjentsjer sil in eigen útjouwerij opsette. Hy hat dat besletten nei't er yn augustus ferline jier brutsen hie mei syn besteande útjouwerij, de KU. Hy kin dus gjin boeken mear by de KU útjaan.

Mooglik bringe ek oare skriuwers har wurk út by de nije útjouwerij fan Riemersma. Mei Josse de Haan binne al kontakten. It sykjen fan in oare besteande útjouwerij is foar Riemersma net oan 'e oarder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)