'Eigen risiko net de oplossing'

15 maaie 2003 - 00:00

It kabinet wol in eigen risiko fan 200 euro yn it jier ynfiere yn de sûnenssoarch foar alle Nederlanners fan 16 jier en âlder. Dat is net de oplossing om te besunigjen op de sûnenssoarch, sa seit De Friesland Zorgverzekeraar.

De Friesland fielt der mear foar om de pasjinten per behanneling betelje te litten. It Fries Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden hat al oankundige mei massale aksjes te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)