Eigen ploech foar Ids Postma

17 jul 2002 - 00:00

Ids Postma foarmet kommend seizoen mei Gretha Smit ien reedridersploech. Beide riders hiene noch gjin plak fûn yn in oar kommersjeel team en wolle it no mei har beiden besykje. De formaasje dy't traind wurde sil troch Ingrid Paul, hat noch gjin sponsor.

Postma ried ferline jier noch foar DSB mar koe gjin akkoart berikke. Postma en Smit traine al in pear wike mei-elkoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)