Eigen placemat foar Ferd Crone

27 nov 2009 - 20:45
  • Ferd Crone hat in eigen place-mat mei syn foto der op

Supporters fan fuotbalklup Go Ahead Eagles hawwe in Ferd Crone placemat makke. De placemat stiet op de supporterssite Kowet.nl. Der sit in skriuwen by oan de boargemaster fan Ljouwert. De supporters binne lilk dat se op 4 desimber net wolkom binne by de fuotbalwedstryd Cambuur-Go Ahead. Crone is bang foar rellen tusken de supporters fan Cambuur en Go Ahead Eagles. De placemat ferwiist nei de placemats mei fuotbalsupporters by de fryske plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)