Eigen ICT-bedriuw 6 gemeenten

28 jan 2004 - 00:00

Seis gemeenten yn de Súdwesthoeke fan Fryslân hawwe in eigen auromatisearringsbedriuw oprjochte. It giet om in gearwurkingsferbân tusken Littenseradiel, Wûnseradiel, Nijefurd, Gaasterlân/Sleat, Boalsert en Lemsterlân.

De 12 ICT-meiwurkers fan de gemeenten sille húsfeste wurde yn it kantoare- kompleks de Wymerts yn Boalsert. Tusken dit kompleks en de seis gemeentehuzen komt in snelle glêsfezelferbining.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)